Frysk | Nederlands
Parallelwei 2 - 9156AB Bornwird
Tél.: 085-2081595

Contactez-nous!

Izersterke planten tanksij it Noord-Fryske klimaat

In kar oan fêste planten by de Melkemahoeve

Fêste planten foarmje meastentiids de basis fan in tún. By de Melkemahoeve yn Bornwird fine jo in grut assortimint. Tanksij it faak ekstreme seeklimaat fan Noard-Fryslân binne de planten dy ‘t wy kweekje izersterk. Wy ferkeapje in hiel soad gongbare soarten, mar ek planten dy jo net oeral tsjin komme sille. Elk jier fine jo by ús wol in oantal nije, minder bekende soarten. Dêrom witte ferskate samlers de wei nei Bornwird te finen. In greep út ús assortimint:

Ajuga reptans 'Braunhertz', yn it Nederlânsk 'kruipend zenegroen'. Dizze boaijembedekker hat yn ‘e maitiid moaie blauwe blommen, dy moai ôfstekke tsjin it pearsbrúne blêd.
Geraniums. Dizze hawwe wy yn gâns soarten, lykas Geranium macrophylla Spessart, Geranium endressi Wargrave Pink en Geranium himalayense Gravetye.
Ferskate soarten hosta's (hartlelies), bygelyks Elegans, Francess Williams enGuacamole.

Sykje jo in spesifike fêste plant foar bûten? Ynformearje dan by ús of wy him hawwe of leverje kinne. Brûk dêrfoar it kontaktformulier op dizze webside of belje 085-2081595. Op freed en sneon kinne jo tusken 8.30 en 1800 oere binnen rinne by de Melkemahoeve oan é Parallelwei 2 yn Bornwird.

 

Marktplaats