Frysk | Nederlands
Parallelwei 2 - 9156AB Bornwird
Tél.: 085-2081595

Contactez-nous!

Dekoratief en ienfâldich yn it ûnderhâld

In grut assortimint siergêrs by de Melkemahoeve

Op it ramt fan siergêrsen hoege wy by de Melkemahoeve selden 'nee' te ferkeapjen. Wy hawwe in grút oanbod fan allegearre soarten. Sa biede wy lege, middelhege en hege soarten, betide en lette bloeifoarmen en wintergriene of blêdferliezende soarten. Siergers is hiel dekoratief yn jo tún. It is ek in útkomst foar minsken dy ‘t in hekel hawwe oan gêrsmeanen: by guon soarten is it ûnderhâld,it neamen net wurdich. In lytse greep út ús assortimint:

Festuca glauca Elijah Bleu, ek wol blau skieppegêrs neamd. Carex, oftewol sigge. Cortaderia. Oarspronklik Súd-Amerikaans pampasgêrs, dat bloeit mei útbúndige plommen. Miscanthus, in reitachtig oansjen, ek wol olifantengêrs neamd. Yucca of palmlelie, dy bloeit mei moaie kelkfoarmige wite blommen.

Fan al dizze soarten binne der ferskate farianten beskikber. It is wier de muoite wurdich om se allegearre in kear te besjen. Hoveniers en eigeners fan túncentra witte it paed wol te finen, partikulieren binne ek wolkom op freed en sneon fan 8.30 oant 18.00 oere.

Fragen oer ús assortimint siergers kinne jo stelle fia it kontaktformulier op de webside of troch te beljen mei 085-2081595. De Melkemahoeve kinne jo fine oan é Parallelwei 2 yn it Noord-Fryske Bornwird, tichteby Dokkum.