Frysk | Nederlands
Parallelwei 2 - 9156AB Bornwird
Tél.: +31852081595

Hortensia’s yn in hiel soad kar.

By de Melkemahoeve fine jo in protte soarten en kleuren Hydrangea

De Hydrangea, faak ek hortensia neamd, is wrâldwiid faaks wol de meast foarkommende túnplant. Sa binne der yn protte soarten mei rôze, blauwe, witte of gielgriene blommen. By de Melkemahoeve ha jo in grutte kar oan hortensia's. Hjirûnder fine jo in lytse greep út it oanbod:

Hydrangea Strong Annabelle. In ekstra stevige fariant fan de bekende Annabelle, wêrfan de takken net beswyke ûnder it gewicht fan de prachtige grutte blommen. Hydrangea paniculata Lime lite. Dit is de bekende plomhortensia mei puntige wite oan’t gielgriene blommen. Hydrangea macrophylla. Ek wol de boerenhortensia neamd. It is de meast foarkommende soart, d yn ûntelber farianten. By ús fine jo ûnder oare de Blaumeise, Libelle, King George en oaren.

Wolsto witte of ‘t de hortensia dy ‘t jo siikje, te keap is by de Melkemahoeve, nim dan gerêst kontakt mei ús op. As wy in soart net hawwe kinne wy him meastal wol leverje. En as dat net slagget, hawwe wy fêst in goed alternatyf foar jo.

It snoeien fan de Hydrangea.

In heikel punt by hortensia's is altyd it snoeien. Hoe hâldt jo de groei binnen de perken? Hoe moat jo snoeije sûnder in jier bloei te missen? Wannear kinne jo it bêste snoeije? Dit binne allegearre fragen wêr ‘t wy by de Melkemahoeve faaks wol antwurd op witte. Wy sille jo dan ek graach advisearje by de oankeap fan jo Hydrangea.

Ek oer alle oare saken oangeande hortensia's, ynformearje en advisearje wy jo graach. Stel jo fraag fia it kontaktformulier op de webside of belje 085-2081595.

Marktplaats

Chers utilisateurs, ce site stocke les cookies sur votre ordinateur.
Ils ont pour but d'améliorer l’expérience de votre site Web, tout en vous fournissant des services plus personnalisés. Les cookies sont également utilisés pour la personnalisation des publicités. Si vous souhaitez plus d’informations sur les cookies que nous utilisons, veuillez consulter notre Politique de confidentialité. En acceptant les cookies, vous consentez à leur utilisation. Vous pouvez également paramétrer ces derniers. Si vous refusez, vos informations ne seront pas suivies, au moment de visiter ce site. Un seul cookie sera utilisé dans votre navigateur pour mémoriser votre préférence de ne pas être suivi.
Paramètres cookies